Man mei combine oer de kop

10 sep 2012 - 15:11

In 27-jierrige man út De Tynje is snein ferwûne rekke by de NK-combineraces yn Emmeloord. De koereur sloech yn de finale mei syn flugge combine oer de kop. It slachtoffer rekke beknypt ûnder de grutte lânboumasine en waard troch de brânwacht befrijd.

De man is mei ferwunings oan syn earm troch in traumahelikopter nei it sikehûs yn Amsterdam brocht. De organisaasje hat besletten dat de finale net mear riden wurde soe.

Trefwurden: 
De Tynje combine combinerace
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)