LED-lampe spesjaal foar hinnen

10 sep 2012 - 12:21

De LED-factory yn Ljouwert hat moandei in LED-lampe presintearre spesjaal foar hinnen. De lampe, de Mira S, besparret in soad enerzjy en is dêrom goed foar it miljeu. Der is trije jier wurke oan de lampe dy't neffens de hinnehâlders ek goed is foar it wolwêzen fan de bisten. Oft dat yndied sa is sil no wittenskiplik ûndersocht wurde. By in tal hinnehâlders hinget de lampe al in skoftke yn de stâl.

Steatssekretaris Joop Atsma die moandei de lampe offisjeel oan as teken dat er útûntwikkele is.

It LED-lampebedriuw wol no ek lampen meitsje foar melkfee- en bargehâlders.

Trefwurden: 
LED-lampe hinnen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)