Duorsume enerzjy rint achter

10 sep 2012 - 11:51

Trochdat de subsydzjebetingsten foar duorsume enerzjy hieltyd oanpast wurde, hellet Nederlân lang net de Europeeske doelstelling foar skjin opwekte enerzjy. Dat skriuwt direkteur Douwe Faber fan it Ljouwerter enerzjy-advysburo Ekwadraat yn in brief oan Twadde Keamerleden.

De oerheid feroaret jierliks de betingsten foar griene subsydzje wêrtroch't ûnsekerheid ûnstiet by plannemakkers foar duorsume enerzjyproduksje. Yn 2020 moat 14 persint fan alle opwekte enerzjy grien wêze.

Neffens Faber is dy doelstelling hast net te heljen as it subsydzjebelied net feroaret.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)