Man bedriget eks mei de dea

10 sep 2012 - 11:09

In 25-jierrige frou út De Jouwer is snein mei de dea bedrige troch har eks-man. De frou wie oan it sinnebaaien yn har tún, doe't se ferrast waard troch har eks-man. De frou hat de plysje warskôge. De 32-jierrige man út Terbant is letter yn de Marie Louisestrjitte oanhâlden.

Trefwurden: 
De Jouwer bedriging dea
(advertinsje)