Botsing troch lege sinne

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Op de Bremerwei by Sigerswâld binne snein by in frontale botsing tusken twa auto's twa minsken ferwûne rekke. In 46-jierrige bestjoerder út it Drintske Een seach troch de leechsteande sinne in tsjinlizzer oer de holle. Troch de botsing rekken in 43-jierrige man út Waskemar en in 16-jierrige jonge út Een ferwûne. Beide slachtoffers binne nei it sikehûs brocht.