Dronken man pisset yn bus

Drank © Omrop Fryslân
De plysje hat snein in 57-jierrige dronken Boalserter oanhâlden. De man hie yn in bus pisse. De bussjauffeur pikte dat gedrach net en warskôge de plysje. Doe't dy kaam, lei de man stomdronken yn de berm neist de bus. De plysje krige de man mei muoite oan de praat. Hy is meinaam nei it plysjeburo en dêr fêstset. In dokter fan de GGZ sil de man ûndersykje.