Trije ferwûnen botsing Makkum

10 sep 2012 - 10:18

By in oanriding tusken in fytser en in bromfytser binne snein by Makkum trije minsken ferwûne rekke. In 17-jierrige bromfytser út Penjum, mei in 16-jierrige jonge út Wytmarsum achterop, helle de 16-jierrige fytser út Penjum yn. Se rekken elkoar en kamen beide te fallen. De slachtoffers binne alle trije nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
botsing Makkum
(advertinsje)