Hûn achter skiep oanstjoerd

In ûnbekende man hat sneintejûn by Eastermar mei opsetsin syn hûn achter in keppel skiep oanstjoerd. By de oanfal op de 33 skiep yn it lân oan de Joereleane binne acht troch de hûn biten. Ien skiep rekke swier ferwûne. Nei't er syn hûn werom roppen hie, is de eigner mei syn auto útnaaid. In tsjûge hat dat meld oan de plysje.
De 53-jierrige eigner fan de skiep út Boelensleane hat oanjefte dien. De tsjûge hat de plysje in sinjalemint trochjûn fan de man mei de hûn.
It giet om in meagere man fan 20 oant 26 jier. De hûn is donkerbrún, it giet mooglik om in pitbull.