Van der Bos de bêste yn Marsum

09 sep 2012 - 18:13

De lêste frije formaasjepartij fan dit seizoen yn Marsum is snein wûn troch it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra (kening) en Daniël Iseger. Yn de finale wûn it trio mei 5-2 en 6-2 fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Alle Jan Anema. In sitbal fan Gert-Anne van der Bos makke in ein oan de partij. De lytse preemje wie foar Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma.

De einoerwinning yn it punteklassemint is foar Taeke Triemstra, dy't mei 57 punten en noch ien partij te gean takom wike net mear yn te heljen is.

Takom snein is de lêste haadklassepartij yn Ljouwert. De Aldehoupartij is in útnoegingspartij.

Trefwurden: 
Marsum keatsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)