SCO ûnseker út 'e startblokken

09 sep 2012 - 16:56

De kuorballers fan SCO binne de kompetysje útein set mei in teloarstellend 22-15 ferlies tsjin Groen Geel. Op eigen fjild liet de thúsploech it benammen yn de earste helte lizze. Spanning soarge der foar dat SCO te bleu oan de wedstriid begong. By rêst stie der in stân fan 11-5 op it boerd yn it foardiel fan de gasten út Wormer.

SCO kaam mei nij fertrouwen út de klaaihokken, wat him fertaalde yn tsien doelpunten yn de twadde helte. Janneke Bergsma spile in wichtige rol mei 3 knappe skoares út frije ballen.

De ploech fan trainer Hillebrand Diever giet tongersdei 13 septimber yn Grou op besite by Mid-Fryslân.

Trefwurden: 
kuorbal SCO
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)