Auto yn 'e brân yn Surhuzum

Plysje © ANP XTRA
De plysje ûndersiket in gefal fan brânstichting sneontenacht oan de Rysloane yn Surhuzum. It slachtoffer, in 64-jierrige Surhúster, waard wekker fan leven en seach dat syn auto yn 'e brân stie en dat twa mannen gau útnaaiden. De man wist de brân mei in brânblusser te blussen en belle fia 1-1-2 de plysje en brânwacht. De auto rekke swier skansearre. De brânstichters waarden net mear oantroffen.