Fjirde ferlies Snits Wyt Swart

Topklasser Snits Wyt Swart hat snein op eigen fjild mei 2-0 ferlern fan VVSB. Yn de earste helte wienen de gasten út Noordwijkerhout dúdlik de bettere partij. De Snitsers ûntsnapten krekt foar it skoft oan in 1-0 efterstân, nei goed yngripen fan ferdigener Daniël Zwart.
Yn de twadde helte wie it VVSB dat yn de 70e minút de skoare iepene. Mei ynfallers Khalid Yachou en Raducio King gongen de Snitsers op syk nei de lykmakker. Fiif minuten foar it ein smiet VVSB de wedstriid yn it slot mei in twadde treffer.
It is it fjirde ferlies op rige foar de ploech fan trainer Johan Groote, dy't dêrmei nei it 15e plak sakket yn de sneinstopklasse.