Ferwûne troch botsing Wikel

09 sep 2012 - 15:37
Foto: ANP XTRA

In 66-jierrige ynwenner fan Harich is sneontejûn ferwûne rekke by in iensidich ûngelok yn Wikel. De automobilist ried út Sleat rjochting Wikel doe't er by in dykfersmelling in stoeprâne rekke en de macht oer it stjoer ferlear. Dêrnei botste er tsjin in pear peallen en ferkearsbuorden oan. Hy is mei nekklachten mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ferwûne Harich Wikel
(Advertinsje)
(Advertinsje)