Dronken man makket spul

De plysje hat sneintemoarn in 26-jierrige Ljouwerter oanholden foar bedriging en it fersteuren fan de iepenbiere oarder. De man krige op it Ruterskertier spul mei in 31-jierrige stedsgenoat. Hy bedrige it slachtoffer ferskate kearen mei de dea. De man, dy't swier ûnder ynfloed fan alkohol wie, waard dêrop troch de plysje oanholden en ynsletten op it plysjeburo. Tsjin him is proses-ferbaal opmakke.