Aris ferliest Dútsk oefenduel

De basketballers fan Aris ha sneon har earste oefenwedstriid tsjin it Dútske Rasta Vechta mei 95-75 ferlern. It wie in wedstriid mei twa gesichten, wêryn't de Ljouwerters striemin út 'e startblokken kamen. Yn it skoft stie der in tuskenstân fan 62-23 op it boerd, yn it foardiel fan de Dútske thúsploech.
Yn de twadde helte krige it publyk in hiel oar Aris te sjen, dat him knap herpakte. Mei fiif nije spilers ûntbruts it de ploech fan trainer Erik Braal benammen oan rûtine.
Tiisdei stiet de twadde oefenwedstriid op it programma. Yn sporthal it Kealledykje nimme de Ljouwerters it op tsjiin Bremerhaven.