350 geliedepealtsjes stellen

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
In 45-jierrige ynwenner fan Hoogwoud en in 42-jierrige man út Hoorn binne sneintemoarn oppakt foar de stellerij by Twellingea fan geliedepealtsjes. In tsjûge seach de manlju stean op de A7 by it akwadukt fan it Prinses Margrietkanaal. Hy fertroude it net en warskôge de plysje. Dy seach de beide manlju even letter oer de rûnwei fan Snits riden.
Yn de fiersten te swier beladen bedriuwsbus, leine 350 metalen geliedepeallen dy't brûkt wurde by wurksumheden oan de dyk. Beide fertochten moasten mei nei it buro.