Megastâl fan 545 kij by Dokkum

09 sep 2012 - 12:49

Der binne plannen foar de bou fan in lisboksstâl foar goed 430 melkkij en 115 stiks jongfee tusken Dokkum en Eastrum. De gemeente Dongeradiel wol meiwurkje oan de bou fan de megastâl. It giet om in plan fan de maatskip Wienia.

De bruorren Wienia hawwe no noch goed 500 stiks fee op trije lokaasjes yn Dongeradiel. Se wolle it fee byelkoar bringe op ien plak om sa effisjinter buorkje te kinnen. Tagelyk wurdt it tal melkkij mei in lytse 100 útwreide.

Neffens wethâlder Van der Ploeg giet it om in goed útwurke plan en hat de gemeente gjin reden om meiwurking te wegerjen. Omwenners en oaren kinne noch beswier meitsje tsjin it plan. Dat kin oant heal oktober. As de pleats der komt, giet it om ien fan de grutsten fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)