Loftmacht oefent boppe Fryslân

Strielfleanmasine © Omrop Fryslân
De loftmacht oefenet fan moandei ôf mei F16's boppe Fryslân. Der wurdt benammen traind op Close Air Support. Dêrby moatte fleantugen soldaten op de grûn bystean. De fleantugen moatte op goed 450 meter hichte fleane, útsein op spesjaal dêrfoar tawiisde lokaasjes. Dêr kin flein wurde op in hichte fan sa'n 75 meter. De trainingen duorje oant en mei freed 21 septimber.