Sijbrandij wint yn Marsum

Keatsen yn Frentsjer © ANP
De útnoegingspartij yn Marsum is sneon in proai wurden foar it partoer fan Nynke Sijbrandij, Leonie van der Graaf en Miranda Scheffer. Yn de finale wûn it trijetal ôftekene mei 5-1 en 6-0 fan Iris van der Veen, Romy van der Veen en Bianca van der Veen. De lytse preemje wie foar Evelien Westra, Feikje Bouwhuis en Manon Scheepstra.
De partij yn Marsum wie de lêste fan dit keatsseizoen, wêrnei't it einpunteklassemint opmakke wurde koe. Leonie van der Graaf waard oertsjûgend winnares, folge troch Iris van der Veen en Fenna Zeinstra.