Plysje nimt rydbewizen yn

08 sep 2012 - 15:01

In drankrider (45) fan It Hearrenfean is freedtenacht syn rydbewiis kwytrekke. Plysjes seagen dat de man yn de Gysbert Japixstrjitte de hiele dyk nedich hie en syn knipperljocht net brûkte. De man woe net meiwurkje oan in blaastest en gedroech him rekalsitrant. Hy is meinaam nei it plysjeburo.

In Amsterdammer (31) rekke freedtemiddei yn Drachten syn rydbewiis kwyt. Hy ried mei 106 kilometer oer it Noarderein. Hy mocht syn auto dêr fuortendaliks stean litte.

Trefwurden: 
drankrider rydbewiis te hurd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)