Man stekt soan mei skjirre

08 sep 2012 - 14:16

In Ljouwerter (53) hat freedtejûn yn in dronken bui syn soan (25) mei in skjirre stutsen. De man siet bier te drinken yn syn tún oan de Balistrjitte doe't hy spul krige mei syn soan. It trelit rûn sa út de hân dat de man de skjirre pakte. De soan belle de plysje dy't de heit oanhâlde. De skjirre is yn beslach naam.

De plysje wie ek drok mei in frou dy't op de Twibaksmerk mei in blik bier yn de hân rúzje makke mei in man. De frou (40) misledige de plysje en waard meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
rûzje spul stekke skjirre
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)