Mercuriusfontein wer yn gebrûk

08 sep 2012 - 11:26

Mercurius, de karakteristike fontein yn Ljouwert, is sneontemoarn opnij yn gebrûk naam. Wethâlder Diks die dat as iepening fan de Iepen Monumintedei. Fjouwer jier lyn waard de fontein ôfbrutsen, omdat op it Saailân boud wurde moast. Under oare fanwege it nije Fries museum.

De fontein út 1923 is hjir en dêr opknapt en stiet no hûndert meter fierderop foar de Beurs. It hie lykwols net folle skeeld of de fontein hie net yn Ljouwert stien. It ferhaal giet dat Mercurius foar Buenos Aires makke is, mar dy stêd seach der fan ôf.

Wethâlder Diks ûntbleate ek noch in boerd mei de skiednis en in print fan de Wurdumerpoarte, dy flakby it Saailân stien hat. De poarte is yn de 19de ieu ôfbrutsen, mar de fûneminten sitte noch yn de grûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)