Wiegel grutsk op bierkarriêre

Ald-kommissaris fan 'e Keninginne Hans Wiegel
Ald-kommissris fan 'e Keninginne Hans Wiegel nimt dit wykein ôfskie as foarsitter fan de Nederlânske Brouwers, in funksje dy't er 28 jier hân hat. Wiegel krijt as beleanning de Gouden Hopbel. Neffens Wiegel is foarsitter fan de brouwers 'de moaiste funksje', dy't er ea hân hat.
'Brouwers binne fleurich folk. Ik gie dêrom altiten graach nei de gearkomsten', fertelt de âld-kommissaris. Neffens Wiegel giet it goed mei de sektor. Hy is bliid dat nei jierren fan skaalfergrutting der wer hieltyd mear lytse brouwerijkes komme.
Tanksij de lobby fan Wiegel en de brânzjeferiening betelje lytse brouwerijkes minder belesting.