Brúnrot is min foar eksport

07 sep 2012 - 16:50

Brúnrot yn de poatjirpels is in ramp foar de eksport. Poaters dy't besmet binne mei dizze baktearje groeie net. It fertrouwen yn de Nederlânske bouboer soe yn ien klap fuort wêze en om dat foar te kommen binne tal fan karmasters op paad om jirpelfjilden te kontrolearjen dy't ferline wike ûnderstrûpt wiene. De brúnrotbaktearje sit yn de sleatten. Der wurdt kontrolearre út de loft wei mei helikopters en troch karmasters op de grûn. It giet yn it gebiet tusken Harns en Stiens om sa'n 1.000 bunder poaters dy't net út de grûn meie foar eksport.

Boeren kinne har fersekerje tsjin brúnrot en yn guon gefallen kinne poaters mei brúnrot ferkocht wurde foar konsumpsje, want de sykte is net gefaarlik foar minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)