Friezen libje duorsumer

Friezen libje hieltyd duorsumer, mar it kin noch folle better. Dat die freed bliken by de presintaasje fan de 'ekologyske foetôfdruk' fan Fryslân. Dêryn wurdt berekkene hoefolle bunder grûn oft nedich is foar de libbenswize fan in persoan yn in gebiet. Om't Friezen hieltyd bewuster ite, klean keapje en de auto sa no en dan stean litte, stiet de provinsje der goed op. Hiene de Friezen yn 2009 noch 4,4 hetare grûn nedich foar de libbenswize, ferline jier wie dat noch mar 4 hektare.
De provinsje en de Fryske Miljeufederaasje wurkje oan projekten om Friezen noch bewuster libje te litten. Ien dêrfan is it projekt "Oars Ite".