Bestjoerder botsing socht

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
De plysje siket de bestjoerder fan in auto dy't freedtemoarn by Wurdum tsjin in oare auto oanried. In lytse swarte auto rekke op it fiadukt fan it Hemriksein de linkerkant fan de auto fan in frou (31) út Tsjom. De frou moast op it fiadukt ynienen útwike foar de ynheljende swarte auto. Nei de oanriding ried de automobilist fan de swarte auto troch. De plysje siket tsjûgen fan it foarfal.