Mei DNA auto-ynbraak oplost

07 sep 2012 - 15:48

Fia in DNA-match hat de plysje in auto-ynbraak út 2009 op It Hearrenfean oplost. Trije ynwenners fan Hearrenfean (23, 27 en 29) binne oanhâlden. De eigener fan de auto (26) hie in soad jild yn de auto en dat wisten de twa âldste fertochten. Wylst dat duo de eigener meinamen nei in fuotbalwedstriid, bruts de jongste yn de auto yn en naam jild, bankpassen en in kamera mei. Mei DNA-materiaal fan de ynbrekker dat yn de auto achterlitten wie, koe de plysje okkerdeis it trio oanhâlde. Se ha in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
plysje ynbraak DNA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)