Mes opdûkt yn Noarderhaven

07 sep 2012 - 13:46

Yn de Noarderhaven yn Harns hat de plysje freedtemoarn in stekwapen opdûkt. De sykaksje wie op tou set fanwege in swiere mishanneling ôfrûne sneontenacht. In Ljouwerter (19) is doe oppakt om't er twa minsken mei in mes mishannele hie. It liket derop dat it wapen no fûn is. De fertochte wurdt noch 14 dagen langer fêsthâlden. Mei de slachtoffers giet it yntusken better. De iene wie al nei behanneling nei hûs, it twadde slachtoffer is ôfrûne woansdei út it sikehûs ûntslein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)