'100 km op A32 by Hearrenfean'

07 sep 2012 - 12:35

De gemeente Hearrenfean wol dat de maksimumsnelheid op de A32 by It Hearrenfean hielendal nei 100 kilometer giet. Op it stik dêr't de A32 oer de A7 hinne giet mei no 100 riden wurde, mar efkes fierderop mei wer 120 riden wurde, wylst der ek noch op- en ôfritten nei Oranjewâld en it Abe Lenstrastadion binne. Troch de snelheid op it hiele stik nei 100 te bringen, wurdt de ferkearssitewaasje neffens de gemeente dúdliker en feiliger.

Trefwurden: 
A32 snelheid
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)