Soad jild ûntfytmanne
Twa ynwenners út Drachten binne hast 50.000 euro kwytrekke troch phishing. In frou dy't har foardie as in bankmeiwurkster belle de Drachtsters. Op in slûchslime wize kaam se oan ynloggegevens fan de slachtoffers. Deselde dei is der fan ien fan har 40.000 euro fan de bankrekken helle. By de oar gie it om in bedrach fan 8550 euro.