Reorganisaasje by Buro Halt

buro Halt © ANP
Halt Noord-Nederland ferdwynt. Alle Halt-organisaasjes yn it lân geane takom jier op yn ien grutte organisaasje. Dat skriuwt steatssiktaris Teeven fan Feilichheid en Justysje oan de Twadde Keamer. By Halt krije jongeren in alternative straf as se wat ferkeard dogge, sûnder dat se yn oanrekking komme mei it iepenbier ministearje. De Halt-meiwurkers bliuwe wol oan it wurk yn de regio's, mar wurde tenei oanstjoerd troch fjouwer regiomanagers en ien direkteur. Reden foar de reorganisaasje is dat der minder Halt-ferwizings binne de lêste jierren.