Foar in ton stellen yn Burgum

Poeisz, Oerfal, Ljouwert © Robert-Jan Boonstra
Yn in provinsjale wurkpleats oan de Damsingel yn Burgum is tongersdeitenacht foar mear as 100.000 euro oan apparatuer stellen. It giet ûnder oare om in nije bûtenboardmotor, navigaasje-apparatuer, kompjûters en laptops. De plysje tinkt dat de dieven fan it wetter ôf kommen binne. De plysje siket tsjûgen dy't boatjses sjoen hawwe op it Prinses Margriet-kanaal. Minsken dy't wat sjoen hawwe, kinne kontakt opnimme mei de plysje fia 0900-8844 of nei it plysjeburo yn Burgum gean.