Gjin nij swimbad yn Bûtenpost

07 sep 2012 - 08:55

Yn Bûtenpost komt foarearst gjin nij swimbad. Boargemaster en wethâlders fan Achtkarspelen ha it oanbestegingstrajekt foar in 25-meterbad ôfsletten sûnder de opdracht te gunnen. Der wie mar ien merkpartij mei belangstelling, mar dy frege foar de eksploitaasje in jierlikse bydrage fan de gemeente fan op syn minst 241.000 euro en op syn meast dik oardel miljoen. Dêr hat de gemeente gjin jild foar.

It swimbad kin iepen bliuwe as de pleatslike swimklup ree is om it bad oer te nimmen. Dat seit wethâlder Marten van der Veen fan de gemeente.

De gemeenteried praat ein dizze moanne oer de takomst fan De Kûpe. Oare opsjes foar it bad binne de bou fan in lytser swimbad - mar dat wol de swimklup net - of ferkeap fan it kompleks. Der moat mei gauwens dúdlikheid komme, want it rinnende kontrakt mei Sportfondsen rint oan 'e ein fan dit jier ôf. De driigjende sluting fan swimbad De Kûpe yn Bûtenpost is gjin reden foar de swimklup dêr om no al ja te sizzen tsjin in oername fan dat swimbad. Swimklup Paradyske Wetterrotten Combinatie hâldt mei klam alle opsjes noch iepen. It bestjoer fan de swimklup seit wol alles dwaan te wollen om it swimbad te behâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)