'Friezen ride net minder'

06 sep 2012 - 20:53

De Fryske autorider liket de auto net minder te brûken troch de hege brânstofprizen. Dat is de yndruk fan Arnold Veenema fan oaljehannel Veenema yn Snits. It bedriuw hat eigen tankstasjons en leveret oan saaklike klanten.

De hege prizen lykje foaral de saaklike merk te treffen. In priisstiging fan fjouwer of fiif sinten telt hurd op by in grut transportbedriuw. Troch de foarried leech te hâlden en faker te leverjen, wurdt besocht yn te spyljen op de priisskommelings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)