Proef mei wyksuster yn Fryslân

06 sep 2012 - 19:23

In proef mei it werombringen fan de wykferpleechkundige moat yn Fryslân hâlden wurde. Allinnich troch de wyksuster werom te bringen, is de soarch yn krimpgebieten goed te organisearjen. Dat sei CDA-Twadde Keamerlid Sander de Rouwe yn it Fryslân Kiest-debat fan Omrop Fryslân. Yn de proef soe de húsdokter ek mear foech krije moatte. Sa wurdt de soarch tichter by hûs organisearre en wurdt dy ek goedkeaper.

De Rouwe tinkt dat Fryslân geskikt is, omdat hjir wol faker proeven dien binne, bygelyks mei it alkoholslot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)