Heijmans bout parkearkelder
De nije parkeargaraazje oan de Oosterstrjitte yn Ljouwert wurdt boud troch boubedriuw Heijmans. Hy is foaral bedoeld foar de minsken dy't op it provinsjehûs wurkje. Dy kinne der troch de wike gebrûk fan meitsje. Op keapjûnen en yn it wykein kin it winkeljend publyk de auto deryn kwyt. Der is romte foar 250 auto's en der komme twa parkearlagen.
It is de fyfde parkeargaraazje yn Ljouwert. Heijmans begjint ein dizze moanne mei de bou. Begjin 2014 is de parkeargaraazje klear foar gebrûk.