Vandenbussche start keeperles

Brian Vandenbussche, keeper fan SC Hearrenfean, start mei in eigen keeperskoalle. De bedoeling is dat de skoalle op 1 oktober oprjochte wurdt. Twa dagen letter, op 3 oktober, sette de earste lessen útein op de fjilden fan fuotbalferiening Nijskoat. De skoalle is iepen foar alle bern tusken 8 en 16 jier.
Vandenbussche komt mei it inisjatyf omdat hy fynt dat der yn Fryslân te min dien wurdt oan de oplieding fan keepers. Hy wol dat no sels oppakke omdat hy in soad frije tiid hat en graach mei de jeugd wurket.
Keeperkers kinne harren no al opjaan op de webside www.brianvandenbussche.be.