Sluiter wol boykot ûndersykje

06 sep 2012 - 13:45

Boargemaster Sluiter fan Harns wol ûndersykje oft de boykot fan de partij Frisse Wind fan de riedsgearkomsten wol tastien is en oft de riedsfergoeding fan de trije leden ek ynlutsen wurde kin. De boargemaster fynt de aksje moreel ferwerplik.

De fraksje fan Frisse Wind wol gjin taljochting jaan op it beslút om de riedsgearkomsten te boykotten. Fraksjefoarsitter Jennifer Steevensz seit dat se nije wike mei in ferklearring komme. Ek fan it bestjoer fan Frisse Wind is gjinien berikber foar kommentaar.

Woansdeitejûn liet de trijekoppige fraksje yn in mail witte net mear by de riedsgearkomsten te kommen, omdat se fine dat it kolleezje de Harnzers skoffearret yn de diskusje oer de REC. De fraksje wol sels mjittings dwaan litte nei de útstjit fan de oven en wol dat betelje mei de riedsfergoedings fan de fraksjeleden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)