Westereen bliid mei ûndersyk

06 sep 2012 - 12:54

Foarsitter Jan Wagenaar fan Pleatslik Belang De Westereen skat de kâns grut dat mei it DNA-ûndersyk de dieder fûn wurdt fan de moard op Marianne Vaatstra. Hy ropt de minsken op om mei te dwaan.

Tongersdei waard bekend makke dat goed 8000 manlju út De Westereen en de doarpen dêr omhinne frege wurde frijwillich DNA ôf te stean. Oan de hân dêrfan kin ûnder oaren útsocht wurde oft de dieder ek famylje is fan de dielnimmers oan dat ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)