Poalske winkeldief betrape
In Poalske winkeldief is woansdeitemiddei yn in winkel oan de Peperstrjitte yn Snits op 'e die trapearre. De 25-jierrige man naaide út.
Mei help fan in goed sinjalemint en it winkeljend publyk koe de plysje de man efkes letter dochs oanhâlde. De man hie noch stellen guod by him, ek út oare winkels.