8080 manlju oproppen foar DNA

06 sep 2012 - 11:18

8080 manlju yn de omkriten fan Feankleaster en De Westereen wurdt frege DNA ôf te stean foar it grutskalich ferwantskipsûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra. Op 15 septimber krije sy in oprop yn de bus. It giet om manlju dy't op it momint fan de moard tusken de 16 en 60 jier wiene. it is foar it earst dat sa'n ûndersyk yn ús lân hâlden wurdt.

Op sân plakken wurdt fan 29 septimber ôf it DNA ynsammele. De ynsammeling duorret twa wike. Dêrnei nimt it ûndersykjen fan it materiaal in healjier yn beslach

De manlju dy't útnoege wurde kinne earst noch terjochte by ynrinjûnen foar mear ynformaasje. Der wurdt útgien fan in straal fan 5 kilometer om it plak fan de moard, dêryn falle de doarpen Bûtenpost, Twizel, Twizelerheide, De Westereen, Kollum, Westergeast, Kollumersweach, Aldwâld, Sweagerbosk, De Trieme, Feankleaster en Lytsewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)