Jan van Erve nei reedriders

Jan van Erve
Jan van Erve, de eardere direkteur kommersjele saken fan Sportklup Hearrenfean, is de nije kommersjeel direkteur fan de Bam Univé reedridersploech van coach Jillert Anema.
Van Erve naam op 1 july ôfskied fan Sportklup Hearrenfean, nei't er der 12,5 jier wurke hie. Ferline wike waard hy noch presintearre as direkteur fan fuotbalklup Emmen.
Neffens Van Erve binne beide funksjes goed te kombinearen.