Hoe sûn binne de Friezen?

Goed 20.000 Friezen krije de kommende tiid in sûnensenkête fan de GGD troch de bus. It giet om in enkête dy't ien kear yn de fjouwer jier hâlden wurdt en dêr't fragen yn stean oer saken lykas it brûken fan alkohol, bewegen en sykten.
By de fragen wurdt rekken hâlden mei trije leeftydsgroepen: tolve oant njoggentjin jier, njoggentjin oant fiifensechstich jier en boppe de fiifensechtich. Gewoanwei wurdt de enkête ûnder minder minsken hâlden.
Dat it no om in gruttere groep giet, komt omdat der by de útwurking help komt fan it CBS en it RIVM. Dy springe ek by by de sûnensenkêtes dy't op itselde momint yn de oare provinsjes hâlden wurde.