Mounewetter bêste swimbad

Swimbad Mounewetter yn Wytmarsum is it bêste swimbad fan Fryslân. Dat docht bliken út de Zwembad van het Jaar-ferkiezing dy't op ynternet hâlden waard. Lanlik docht Mounewetter it ek goed. Dêr binne se achtste.
It sjueryrapport is noch net bekend. De meiwurkers fan Mounewetter tinke sels dat se it sa goed dogge om't se skjin en waarm wetter hawwe en der in soad attraksjes foar bern binne. De Dobbe út Noardwâld en de Sawn Stjerren út Hallum binne twadde en tredde wurden.