Webside provinsje lêst Frysk

05 sep 2012 - 10:50

De webside fan de Provinsje Fryslân is fernijd en de teksten kinne ek no ek foarlêzen wurde yn it Frysk. Dat koe al earder yn it Nederlânsk. De yndieling en de foarmjouwing binne feroare, en de teksten binne werskreaun sadat se begrypliker binne. Mei de foarlêsfunksje kinne minsken dy't dyslektysk binne of dy't min lêze of sjogge de ynformaasje ek ta harren nimme.

Noch net alle teksten binne werskreaun. Dêr wurdt de kommende tiid fierder oan wurke.

De Fryske foarlêsfunksje is goed te ferstean, mar noch net flaterfrij. Guon wurden krije in ferkearde klemtoan en it tillefoannûmer wurdt op frij ûngebrûklike wize foarlêzen. Neffens Meije Gildemacher fan de provinsje is it de bedoeling om de Fryske foarlêsfunksje de kommende tiid fierder te ferbetterjen. Omdat er no yn it Frysk is, kinne ek oare Fryske oerheden en organisaasjes der gebrûk fan meitsje, as se dat wolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)