Fytser (78) oanriden yn Warkum

05 sep 2012 - 10:22

In 78-jierrige fytser út Warkum is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn syn wenplak. De man waard fan achteren oanriden troch in auto bestjoerd troch in 81-jierrige frou út It Heidenskip. Dat wie doe't de man ôfslaan woe en foarsortearde.

It slachtoffer is mei ferwûnings oan 'e holle nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding Warkum
(advertinsje)