SBB aktyf by festival Flylân
Dit jier is Steatsboskbehear op Flylân ekstra sichtber op it muzykfestival Into The Great Wide Open fan dit wykein. De natuerbehearder is al sûnt it begjin fan it festival, no fjouwer jier lyn, belutsen by it festival. Net allinnich as behearder fan de natuergebieten, mar ek as kreative krêft achter de plannen fan Into The Great Wide Open.
Steatsboskbehear ferwachtet dat it festival de natuer gjin skea dwaan sil, mar dat besikers fan it festival krekt ûntdekke hoe moai de natuer op Flylân is en letter noch wolris weromkomme sille.