Foarrang foar eilânbewenners

05 sep 2012 - 07:32

Bewenners en fêste gasten op Skiermûntseach kinne fan woansdei ôf gebrûk meitsje fan in saneamde spitsstrook yn de Spar supermerk op it eilân.Dat betsjut dat se sels de boadskippen scanne en dan hoege se by de kassa net te wachtsjen foar de grutte rige toeristen, mar kinne ôfrekkenje by de selsscan kassa.

Yn de simmer is it faak hiel drok yn de supermerk en de eigener hopet sa dat de klanten flugger holpen wurde kinne. As it in sukses wurdt kinne der mear selsscan kassa's bykomme.

Trefwurden: 
Spar foarrang selsscan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)