Algen ynsette foar grien gas

De provinsje Fryslân lûkt in lytse twa ton út foar ûndersyk om te sjen oft algen helpe kinne om fan biogas grien gas te meitsjen. Om fan biogas grien gas te meitsjen moat it biogas suvere wurde en it CO2-gehalte omleech brocht wurde. Yn it ûndersyk sil sjoen wurde oft algen in bydrage leverje kinne oan dit suveringsproses en oft it op grutte skaal ta te passen is. De subsydzje foar it projekt komt út it regionaal ynnovaasjeprogramma Fryslân Fernijt 3.