Weryndielingsplan lâns doarpen

De doarpen yn Littenseradiel meie har takom jier útsprekke oer it weryndielingsplan fan it kolleezje fan b. en w.. It útstel is om de 29 doarpen yn 2018 te ferdielen oer de gemeenten Ljouwert, Súdwest-Fryslân en de takomstige gemeente Noardwest-Fryslân. De gemeenteried wol graach witte wat de doarpen fan dit plan fine, want der is sprake fan in koerswiziging. Yn 2008 is der ek sprutsen mei de doarpsbelangen en doe naam de ried it beslút om as gemeente selsstannich te bliuwen. Mar no leit it dus hielendal oars.
Aa alle doarpen west ha, nimt de gemeenteried it beslút om wol of net te fusearjen mei de oare gemeenten. De gemeenten Ljouwert en Súdwest-Fryslân stean posityf tsjinoer de komst fan de doarpen.